Noch in plan Cambuurstadion

23 okt 2012 - 11:54

Der is noch in plan foar de bou fan in nij Cambuurstadion. De Ljouwerter ûndernimmer Henk van den Borg hat konkrete plannen foar de bou. Van den Borg wol op it eardere Philipsterrein by it WTC Expo in multyfunksjoneel stadion bouwe foar 35.000 taskôgers. It giet om in ynvestearring fan 60 oant 70 miljoen euro.

Van den Borg seit dat er ynvestearders fûn hat foar de bou fan it stadion. It giet ûnder oare om Vrieshorst BV út Amsterdam dy't al tsien miljoen konkreet tasein hat. Vrieshorst is û.o. belutsen by de supermerken C1000 en Lidl.

In oare ynvestearder dy't ynteresse hat, is it Dútske biermerk Veltins. Veltins is wer nau belutsen by de Dútske Bundesligaklup Schalke 04. It stadion fan dy klup hjit ek de Veltins Arena. Op 31 oktober hat Van den Borg neiere petearen mei Veltins. In gearwurking tusken Cambuur en Schalke 04 makket ek ûnderdiel út fan de plannen fan Van den Borg. De Ljouwerter ûndernimmer hopet dat it nije stadion binnen fiif jier te realisearjen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)