Gemeentehûs papierfiskjefrij

Op it gemeentehûs fan Tytsjerksteradiel binne al fjirtjin dagen gjin papierfiskjes mear fûn. De keamers binne oprêden en benevele mei in bestridingsmiddel. Doazen mei belangrike argyfstikken binne bestraald. It personiel op it gemeentehûs yn Burgum hat goed in wike lêst hân fan de papierfiskjes.
Papierfiskjes, ek wol boekefiskjes neamd, binne twa sintimeter lang. Se hawwe skobben en in sulverachtige glâns. Se ite papier en plantaardige fezels.