1700 euro oan boetes ophelle

09 des 2008 - 09:36

De plysje hat moandei mear as 1700 euro oan útsteande boetes ophelle yn Drachten en op It Hearrenfean. Plysjes giene dêr by minsken del dy't noch in finzenisstraf útsitte moatte of harren boetes noch net betelle hawwe.

Yn Drachten besocht de plysje 20 minsken en hold twa oan. Der waard 1300 euro oan boetejild ophelle. Op It Hearrenfean wie dat 400 euro. Dêr gie de plysje by 15 minsken del.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)