170 kilometer: rydbewiis kwyt

06 des 2008 - 15:03

In 19-jierrige jonge út Droegeham is freed syn rydbewiis kwytrekke, omdat er te hurd ried. De plysje krige de jonge yn syn auto yn it fizier op de Lauwersseewei by Rinsumageast.

Doe't se de achterfolging ynset hiene, rieden se op in gegeven stuit 170 kilometer, mar noch rûn de jonge op har út. By Aldtsjerk krige de fertochte in stopteken en sette er de auto oan de kant. Doe is syn rydbewiis yn beslachnaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)