170 gitaristen nei Berlyn

08 nov 2009 - 10:17
  • De band Noir

De mear as 170 gitaristen dy't moandei it stik The Berlin Wall of Sound útfiere op de betinking fan de fal fan de Berlynske muorre, stappe sneintejûn let fanút Fryslân op de bus. Moandei is de fal fan de muorre 20 jier ferlyn.

The Berlin Wall of Sound is in inisjatyf fan de band Noir, dy't bestiet út studinten fan de Academie voor Popcultuur yn Ljouwert. De studinten woene it stik mei 206 gitaristen spylje, mar it slagge net om safolle by elkoar te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)