1,7 miljoen foar Rinsma State

25 nov 2010 - 14:04

Rinsma State yn Driezum is tongersdei ferkocht foar 1,7 miljoen euro. De keaper is Jan Smeeing fan Soest dy't de state ein jierren njoggentich ek al yn hannen hie. Doe woe Smeeing der apparteminten yn meitsje, mar dat plan gie úteinlik net troch. Yn 2000 ferkocht hy it oan Dirk Scheringa.

No't Scheringa fallyt is, is it gebou feild. Der wiene fjouwer kandidaten foar it lânhûs út 1747. Smeeing is as ûnreplik goed-hanneler spesjalisearre yn histoaryske gebouwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)