'Stipe Frl Marketing befrieze'

De steatefraksje fan de PVV wol de subsydzje foar Fryslân Marketing foar takom jier befrieze. It giet om in bedrach fan 630.000 euro. De reden binne de oanhâldende problemen by de promoasje-organisaasje foar Fryslân, sa lit de PVV witte. De partij komt begjin novimber mei it foarstel foar befriezing by de behanneling fan de provinsjale begrutting.
De PVV wol no earst dat de ynterne organisaasje by Fryslân Marketing wer op oarder is, dat der sicht is op de finansjele problemen en dat de posysje fan direkteur Paul van Gessel helder is.