ONS-Ajax foar 7500 man

23 okt 2012 - 10:40

ONS Boso Snits hat definityf grien ljocht krigen om it Sudersportpark om te bouwen ta in stadion foar de bekerwedstriid tsjin Ajax op woansdei 31 oktober. As op dy woansdei om kertier foar njoggenen ôftrape wurdt, sille der 7500 minsken om it fjild stean en sitte.

Om it hiele fjild wurde tribunes boud. De Amsterdammers komme mei 400 man nei Snits. Yn de frije ferkeap sille gjin kaartsjes mear ferkocht wurde. De belangstelling is sa grut dat der al wachtlisten binne.

Trefwurden: 
fuotbal ONS
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)