Auto yn beslach naam

23 okt 2012 - 10:03

De plysje hat moandeitenacht de auto fan in 23-jierrige automobilist út Ljouwert yn beslach naam. De man krige earst in boete foar it negearjen fan in stopteken en it riden sûnder rydbewiis en kentekenbewiis.

Doe't er ien kear stilstie, besocht er út te naaien, mar waard dochs oanhâlden. Op it plysjeburo die bliken dat it kenteken fan de auto skorst wie en dat de man gjin jildich rydbewiis hie.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)