DE tefreden oer omsetsifers

Douwe Egberts Master Blenders 1753 is tefreden oer de omset yn de measte West-Europeeske lannen, útsein Dútslân. Troch priisferhegings is yn dat lân minder ferkocht. De omset fan DE fan de bedriuwsparten komt yn it earste fearnsjier fan in net brutsen boekjier út op 639 miljoen euro. DE waard earder dit jier splitst fan it Amerikaanske konsern Sara Lee. De omset betsjut in groei fan 1,1 prosint.
De totale omset wie 645 miljoen euro en dat betsjut in daling fan 1,5 prosint. DE giet oer it hiele boekjier út fan in groei fan 3 oant 5 prosint.