Team Veldboom al yn Amsterdam

De 39e Strontrace gie moandei fan start yn Warkum. De dielnimmers bringe stront nei Warmond, moatte dat dêr losse en nimme dan blombollen mei werom nei Warkum. De fraach is wa't dat it fluchste kin. Age Veldboom is ien fan de dielnimmers. Hy is op dit stuit mei syn bemanning op de Swanneblom yn Amsterdam. Se ferwachtsje tiisdeitemiddei yn Warmond oan te kommen en woansdei werom te farren nei Warkum.