JR Shipping krijt skippen sûn

22 okt 2012 - 21:00
  • Skippen wachtsje by De Lemmer op ophef farferbod

Rederijgroep JR Shipping fan Harns is deryn slagge alve fan har skippen wer sûn te krijen. It bedriuw hat oerienstimming berikt mei de Dútske HSH Nordbank. Dy bank finansiert in fûns dêr't de skippen yn ûnderbrocht wurde. Alle ynvestearders yn dy skippen krije in oandiel yn it nije fûns.

As de oandielhâlders ynstimme mei de plannen, is de bank ree ta fiergeande konsesjes. Sa hoecht der takom jier net ôflost te wurden. JR Shipping is licht posityf oer de takomst. De prizen foar it kontenerferfier wurde stadichoan better.  

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)