Mar pear huzen ha enerzjylabel

22 okt 2012 - 17:06

Noch net folle keaphuzen yn Fryslân hawwe in enerzjylabel. Dat seit foarsitter Kok fan de NVM-makelers yn Fryslân. Kok seit dat as reaksje op in berjocht fan it Sintraal Buro foar de Statistyk oer enerzjylabels. Neffens it CBS stean benammen yn Fryslân in soad huzen dy't net enerzjysunich binne.

NVM-makeler Kok is net ûnder de yndruk fan dat ûndersyk. Neffens him is dat ûndersyk net represintatyf, omdat mar in pear huzen in enerzjylabel hawwe. Fryske hûseigeners meitsje oant no ta mar in bytsje gebrûk fan it enerzjylabel.

De NVM begrypt dat wol, want in enerzjylabel kostet de huzeferkeaper jild en de huzekeaper dy freget der net om. Kok tinkt dat it enerzjylabel pas in súkses wurdt as der in stimulâns oan fêst sit, of wannear't it label ferplichte wurdt. Friezen wolle neffens Kok ek wol graach enerzjy besparje, mar dat kin ek dien wurde sûnder enerzjylabel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)