Sloep op rûnwei Snits fallen

22 okt 2012 - 15:46

Op de rûnwei fan Snits is moandeitemiddei in oanhinger mei dêrop in sloep omfallen. Dat wie op de Lemmerwei rjochting De Himmen. Hoe't it barre koe, is noch ûnbekend.

Der hat in skoft lang 3 kilometer file stien, omdat mar ien rydbaan beskikber wie. Om likernôch kertier foar fjouweren wie de sloep fan 'e dyk ôf helle. De ferkearssituaasje is wer normaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)