Kaartferkeap SWZ-AZ rint goed

22 okt 2012 - 14:01

Fan de 4000 kaarten foar it KNVB-bekerduel fan SWZ Boso Snits tsjin AZ is trijekwart ferkocht. Mei noch oardel wike te gean binne der hast 3000 kaarten fuort. De kaarten binne oant en mei nije wike woansdei te keap.

Net allinnich Snits rint waarm foar de wedstriid, yn Alkmaar bestiet ek in soad belangstelling. Fan de 250 kaarten dy't Snits beskikber steld hat, binne der al 150 fuort. De wedstriid wurdt op 1 novimber yn Snits spile.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)