Min jier foar wynboeren

22 okt 2012 - 13:52

Fryske wynboeren hawwe dit jier in min jier. Op 't heden wurde op ferskate plakken yn Fryslân druven rispe. De opbringst falt wat ôf. Dat hat benammen te krijen mei de strange froast oan it begjin fan dit jier.

Fryslân hat fjouwer kommersjele wyngerds. Ien dêrfan is Wijndomein Fréderique yn Waskemar. Se hawwe 1100 wynstokken en produsearje sawat 300 liter wyn yn it jier. Om syn druven te beskermjen wol eigener Fred Rademaker no kassen pleatse.

Trefwurden: 
wyn wynboer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)