Trije auto's opinoar botst

22 okt 2012 - 12:32

Op de provinsjale dyk tusken Deinum en Marsum binne moandeitemoarn trije auto's opinoar botst. Wat dêr de oarsaak fan is, is noch net bekend. Twa auto's hiene troch de botsing safolle skea dat se net mear fierder ride koene, de tredde auto hie lichte skea.

Der rekke gjinien ferwûne by it ûngelok. Ferkear hat wat hinder hân, mar dat is alwer foarby.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)