Groei by Fryske sikehuzen

22 okt 2012 - 11:50
  • Wander Blaauw

By Fryske sikehuzen is gjin sprake fan in achterútgong fan it tal pasjinten. Neffens it Financiëel Dagblad fan moandei rint by guon sikehuzen yn Nederlân it oanbod oan pasjinten sa hurd werom dat der minsken ûntslein wurde moatte. Foarsitter Wander Blaauw fan 'e ried fan bestjoer fan it MCL herkent him net yn dat byld. Krekt oarsom, by it Medysk Sintrum Ljouwert is it tal pasjinten dit jier 2,5% mear as yn 2011.

De sikehuzen fan Drachten en It Hearrenfean hawwe it ek oer in 'beskieden groei'.

By it Antoniussikehûs yn Snits is de omset dit jier ûngefear gelyk oan dy yn 2011. Wol binne der ferskowings yn it type soarch dat levere wurdt. It tal dagen dat in trochsneed-pasjint yn it sikehûs bliuwt rint fierder werom, mar dêr stiet foaroer dat der mear saneamde dei-opnames binne. Neffens Blaauw fan it MCL leit de 'medyske konsumpsje' yn Fryslân trochinoar in stik leger as yn de Rânestêd. Hy fynt it dêrom logysk dat de Fryske sikehuzen, yn tsjinstelling ta guon sikehuzen yn Hollân en Brabân, gjin achterútgong fan it tal pasjinten sjen litte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)