Auto-ûngelok by Sint Nyk

22 okt 2012 - 10:19

Twa manlju út Skarsterbrêge binne sneintejûn ferwûne rekke by in ûngelok op Huis ter Heide by Sint Nyk. De 21-jierrige bestjoerder ferklearre dat er útwike moast foar in auto dy't de dyk opried. De bestjoerder rekke dêrby de macht oer it stjoer kwyt en botste tsjin in beam.

De man en syn 26-jierrige ynsittende binne nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)