Dronken Drint yn Sigerswâld

22 okt 2012 - 10:15

Yn 42-jierrige ynwenner fan Een-West yn Drinte is sneintemiddei yn Sigerswâld syn rydbewiis kwytrekke om't er fierste folle drank op hie. De man ried op de Binnenwei doe't de plysje him oanhâlde. Se koene rûke dat de man alkohol op hie.

Yn it plysjeburo die bliken dat de man ek echt tefolle drank op hie. De man hat in boete krige en syn rydbewiis is ynnaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)