Sjonger hâldt Ljouwert wekker

22 okt 2012 - 09:55

In sjongende Ljouwerter hat yn 'e nacht fan snein op moandei foar in soad oerlêst soarge yn Offenbachstrjitte. Omwenners bellen de plysje om't de man dúdlik te hearren wie, wylst er midden yn de nacht oan it sjongen wie.

De plysje joech him in warskôging en de man sei ta dat er ophâlde soe. Efkes letter moast de plysje wer yn aksje komme. Doe hawwe se de man oanhâlden en meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
oerlêst sjonge
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)