Ferkearde sifers Frl Marketing

22 okt 2012 - 06:15

De besetting fan de bungalowparken yn Fryslân is folle leger as Fryslân Marketing seit. Dat jildt alteast foar de boskgebieten. Yn bygelyks Gaasterlân binne amper bungalows ferhierd.

Rekreaasje-ûndernimmers ergerje har oan de útspraken fan direkteur Paul van Gessel fan Fryslân Marketing. Dy seit dat de bungalowparken fol sitte. Dat wurket ferkeard foar de promoasje, seit Jeanet Landman fan Recreatiecentrum Sondel. Troch de útspraak fan Van Gessel wurde toeristen dy't in last minute boeking dwaan wolle op it ferkearde paad set, seit Landman.

Neffens Landman giet it striemin mei de ferhier fan bungalows yn Gaasterlân. Brânsjorganisaasje RECRON seit dat de bungalowparken yn de Súdwesthoeke ek lang net fol sitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)