Swierferwûne op fakânsjepark

© Nick den Boer
Op fakânsjepark Beach Resort yn Makkum is snein in 50-jierrige man út Hillegom swierferwûne rekke. Hy hie flonders út it wetter helle om skjin te meitsjen. De flonders fan 2 by 4 meter en 100 oant 150 kilo it stik hie er rjocht oerein set en skoarre mei in balke. By it wurk mei de hegedrukspuit is de balke lossketten en de barte omfallen.
De man is der sels ûnder weikrûpt en hy hat 112 belle. Mei de traumahelikopter de Hillegommer nei it universitêr medysk sintrum UMCG yn Grins brocht.