Famke (16) skopt en slein

21 okt 2012 - 15:02

In famke fan 16 jier is sneontejûn ferwûne rekke yn Ljouwert. Sy waard tegearre mei har freon op de Mariahof oanfallen troch in groep jongeren. Dy skopten en sloegen sadat it famke kaam te fallen. Wylst se dêr lei, waard se ek noch skopt.

In 18-jierrige Ljouwerter is oanhâlden. It famke is mei pine yn 'e nekke mei de amulânse nei it sikehûs ta brocht. De plysje slút mear oanhâldings net út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)