Nitraatbommen by beppe

Nitraatbommen
In 10-jierrich jonkje út Ljouwert hat sneontemiddei in stevige preek fan de plysje krigen, omdat er 153 nitraatbommen ferstoppe hie yn it hûs fan syn beppe yn de stêd. De plysje wie ôfkaam op klachten fan de buert oer fjoerwurkoerlêst. By it ûndersyk kamen se it jonkje op it spoar en fûnen se dêrnei it fjoerwurk by de beppe, yn har hûs oan it Leckplein.
It guod is yn beslach naam. Omdat er te jong wie, krige er gjin proses-ferbaal, mar wol in reprimande.