Vreugdenhil rapste yn Utrecht

20 okt 2012 - 22:42

Frank Vreugdenhil wie yn Utrecht nei 125 rûntsjes de rapste yn de twadde maraton om de KNSB Cup. De reedrider út Eldersloo wie krekt rapper as de Italiaan Fabio Francolini en Jouke Hoogeveen. Jorrit Bergsma fan Aldeboarn waard fjirde, Willem Hut fan Waskemar sechsde. Dizze seis wiene los fan it peloton.

Foar fjirde man Jorrit Bergsma, mar ek foar Arjan Stroetinga (10e) en Bob de Vries (18e) wie it in drokke dei. Moarns hiene se de 5 km yn Erfurt riden. De Vries wûn yn 6.25.30, Bergsma ried 6.35.17 en Stroetinga 6.42.32.

Trefwurden: 
maraton reedriden KNSB
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)