Sieta en Erwin wrâldkampioen

20 okt 2012 - 19:49

Sieta Bijker en Erwin Zwart binne mei it Nederlânsk kuorbalteam ûnder de 23 jier wrâldkampioen wurden. De beide Fryske kuorballers fan LDODK begongen yn de finale yn Barcelona tsjin België op de bank. Al gau wie dúdlik dat Nederlân folle better wie. By it skoft stie it al 16-6 foar Oranje. Mei Zwart en Bijker healwei de twadde helte yn de ploech, waard de 30-15 einstân berikt. Yn it lêst gong sa no en dan de trukedoaze iepen en waard België mei prachtich spul sportyf fernedere.

Trefwurden: 
kuorbal WK LDODK
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)