Hûnekop op eigen FM-stjoerder

20 okt 2012 - 17:53
  • De Hûnekop

De Fryske band De Hûnekop stjoerde sneon foar de promoasje fan 'e nije cd út op de eigen radiostjoerder. Hûnekop FM wie de hiele dei te hearren fanút in kafee yn Sumar.

De populêre Fryske band presintearret sneontejûn de nije cd. It tredde album hjit Psalms foar de rûchhouwer. It konsert fynt plak yn in feesttinte op de Suderskâns yn Dokkum. Dêr wurde 2000 besikers ferwachte. De band De Doelleazen sil ek spylje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)