Hûn en bazin molestearre

It Amelân © ANP XTRA
In 55-jierrige man út Hollum op It Amelân is freed oanhâlden, nei't er in 18-jierrige frou út Ljouwert en har hûn mishannele hie. De man fytste oer de Oranjewei doe't de line fan de hûn yn syn fyts fêstrekke. De man kaam te fallen.
De frou makke ekskuses en woe mei de man prate oer de skea. Mar hy wie sa lilk dat er de frou by de kiel pakte en de hûn ferskate kearen oan de line fan de grûn tilde. It bist smoarde sawat en rekke ferwûne oan ien fan de poaten. Mei help fan tsjûgen koe de plysje de man yn syn hûs oanhâlde. Hy sit noch fêst.