Man deade troch bolle

20 okt 2012 - 13:55

In 45-jierrige man út Noardwâlde is om it libben kaam troch tadwaan fan in bolle. It lichem fan de man waard sneontemoarn troch in tsjûge fûn yn in stik greide oan de Buitenburen.

De tsjûge warskôge de plysje en in sike-auto. Omstanners hâlden ûnderwilens in agressive bolle op ôfstân, wylst de plysje en de brânwacht ûndersyk diene. Sy stelden fêst dat de bolle de man deamakke hat.

De bolle en it stik greide dêr't it lichem fûn waard, binne fan it slachtoffer. In buorman sil mei de bolle rêde. It bist sil letter ôfmakke wurde.

Trefwurden: 
Noardwâlde bolle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)