Ferbou biblioteek Appelskea

20 okt 2012 - 10:46

De biblioteek fan Appelskea kin ferboud wurde. De direksjeried fan wenningkorporaasje Actium is dêr akkoart mei gien. De biblioteek fan no wurdt lytser om romte te meitsjen foar jongereinwurk. De Wereldwinkel bliuwt yn it gebou. De romte dy't dan noch oerbliuwt, kin brûkt wurde troch ferienings út it doarp.

De ferbou wurdt betelle troch de gemeente Eaststellingwerf, in pear fûnsen en de wenningstifting. De ynkrimping is nedich omreden fan besunigings. Datselde jildt foar it jongereinwurk, dat it ûnderkommen foar de jeugd al slute moast.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)