Loadsboat te wetter

19 okt 2012 - 20:26

Yn Strobos is freed it skip Ms. Pollux te wetter litten. It skip sil grutte skippen loadse en is dêrom hieltyd op see, bygelyks foar de haven fan Rotterdam.

De Pollux is makke troch skipswerf Barkmeijer Shipyards, dy't mei-inoar trije skippen makket foar Het Nederlands Loodswezen BV. Wylst it hieltyd dreger wurdt om wurk te finen yn de skipsbou, is by Barkmeijer Shipyards noch hieltyd genôch wurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)