Undersyk nei ûngelok Wâldwei

19 okt 2012 - 16:53

De oannimmer dy't de Heak om Ljouwert oanleit, docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok fan tongersdeitejûn by Himriksein. By de oprit nei de Wâldwei botsten twa auto's op elkoar, wêrby't ien persoan ferwûne rekke.

Op it plak wurdt op 't heden oan de dyk wurke. Der stiet ûnder oare in skerm yn de tuskenberm. Ferkear dat fan Ljouwert komt en de oprit nei de Wâldwei op wol, kin auto's út de rjochting Wergea net goed oankommen sjen. Undersocht wurdt oft dat mooglik de oarsaak is fan it ûngelok fan tongersdei.

Oardel wike lyn wie op itselde plak ek in slim ûngelok. Undersyk hat útwiisd dat dat net feroarsake is trochdat de belutsen autobestjoerders elkoar net goed sjen koene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)