Keamerlid komt op foar skoalle

It PvdA-Twadde Keamerlid Mohammed Mohandis wol dat de Master Frankeskoalle yn Earnewâld bestean bliuwt. De gearwurkingsskoalle hat al 24 jier in spesjale status, om't der kristlik en tagelyk iepenbier ûnderwiis jûn wurdt. By dy status heart in opheffingsnoarm fan 23 learlingen. Minister van Bijsterveld wol dy opheegje nei 63, lykas by gewoane skoallen.
It probleem is dat it learlingetal op de skoalle oer in pear jier ûnder de sechstich sakket. Dan soe de skoalle slute moatte. De minister woe sels net delkomme yn Earnewâld.
Oplossings soenen wêze kinne: mear learlingen of de lapen gearsmite mei oare skoallen. Beide binne gjin opsje yn it gefal fan Earnewâld.