Skearnegoutum sloopt skoalle

19 okt 2012 - 13:49

Yn Skearnegoutum is freed de sloop fan de kristlike skoalle úteinset. It doarp krijt in nij multyfunksjoneel sintrum op itselde plak. Dêr komme in nije basisskoalle, in pjutterboartersplak, it doarpshûs en dokters yn.

De learlingen fan Op 'e Hichte dy't no in tydlik ûnderkommen hawwe op in oar plak, wiene by de sloop fan harren âlde skoalle.

Trefwurden: 
skoalle Skearnegoutum sloop
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)