Scooter trochriden nei botsing

© Plysje Fryslân
In noch ûnbekende scooterrider is tongersdeitjûn op it Drachtsterplein yn Ljouwert oanriden en dêrnei fuortriden. Hy waard oanriden troch in auto bestjoerd troch in frou út Aldtsjerk dy't grien ljocht hie. De scooter ried sûnder ljocht. Flak nei de oanriding sprong de man wer op de scooter en ried fuort sûnder himsels bekend te meitsje.
De plysje siket de scooterrider en freget minsken dy't wat fan it ûngelok sjoen hawwe oft se harren melde wolle. De man waard wei yn 'e rjochting fan 'e Tynjedyk.
De scooter hie aardich wat skea. De scooter kaam út de rjochting fan Suderbuorren en de auto út de rjochting fan sikehûs MCL.