'Risiko's Houkepoort spriede'

19 okt 2012 - 11:28
  • Artists' impression fan nije wenwyk de Houkepoort yn Snits

Súdwest-Fryslân wol minder finansjele risiko's rinne by de fierdere ûntwikkeling fan de lúkse wenwyk Houkepoort by Snits. Der is al hast 5,5 miljoen euro ôfskreaun op it prestiizjeprojekt by de Snitsermar. Dat komt ûnder oare omdat de gemeente grûn oankocht hat dy't no minder wurdich is.

Boargemaster en wethâlders fan Súdwest-Fryslân wolle mear partijen belûke by de fierdere ûntwikkeling fan it terrein. Dy moatte in part fan de finansjele risiko's oernimme fan de gemeente. Hoe djoer oft de grûn wurdt, moat noch fêststeld wurde.

De plannen kinne noch wol oanpast wurde om genôch keapers te krijen. Mooglik wurde der mear huzen oan it wetter boud.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)