Doarpshûs kin iepenbliuwe

© www.nijewarf.nl
De oprop foar nije frijwilligers fan doarpshûs De Nije Warf yn Wâlterswâld hat 75 oanmeldings opsmiten. Dat betsjut dat it doarpshûs fan Driezum-Wâlterswâld foarearst iepenbliuwe kin.
De behearder sit siik thús en troch in tekoart fan 50.000 euro kin der gjin ferfanging ynhierd wurde. Dêrom is de Warf foarearst ôfhinklik fan frijwilligers. Yn desimber wurdt op inisjatyf fan in groep doarpsbewenners in benefytdei hâlden om jild op te heljen. Fierders sil it bestjoer fan it doarpshûs ein dizze moanne mei de gemeente om tafel.