Coffeeshops net yn oertrêding

19 okt 2012 - 10:38

Alle tolve coffeeshops yn Ljouwert foldogge oan de regels fan de Opiumwet. Dat docht blike by in kontrôle fan de plysje. Sa wie der gjin jongerein ûnder de 18 jier yn de saak en ferkochten se allinich softdrugs en gjin harddrugs.

Offisjeel is de hannel yn softdrugs ferbean, mar coffeeshops meie it ferkeapje as se harren oan de regels hâlde. Yn Ljouwert hawwe alle coffeeshops de saken goed foarinoar.

Trefwurden: 
coffeeshop
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)