Kuorballers nei finale WK

19 okt 2012 - 10:18

De kuorballers fan de Nederlânkse seleksje hawwe harren tongersdei pleatst foar de finale fan it wrâldkampioenskip ûnder de 23 jier. De ploech fan bûnscoach Scholtmeijer spile sterk. Se wûnen yn de heale finale fan it Sineeske Taipei mei 35-17. Mick Snel wie mei 9 punten topskoarder. De Fryske spilers Erwin Zwart en Sieta Bijker fan LDODK komme ek út foar it nasjonale team.

Nederlân spilet sneon yn de finale tsjin België. Dat sit wêze om seis oere jûns. It WK is yn Barcelona.

Trefwurden: 
kuorbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)