Staking by De Vries De Gordyk

19 okt 2012 - 07:09

By it bedriuw De Vries Kozijnen op De Gordyk is in grut part fan it personiel freedtemoarn net oan it wurk gien. De staking is in inisjatyf fan de meiwurkers sels, Fakbûn FNV stipet de aksje.

By De Vries krije 35 fan de 125 meiwurkers dien. Fakbûnen en direksje kinne it net iens wurde oer in sosjaal plan. Dat is de oanlieding foar de aksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)