Fryslân fol mei posters

18 okt 2012 - 21:42

Op hieltyd mear plakken yn Fryslân wurde al posters sinjalearre foar de Fryske Muzykwike fan Omrop Fryslân dy't takom wike begjint. Mei de poster kinne harkers en sjoggers gading meitsje nei hûskeamerkonserten fan bygelyks Piter Wilkens, Griet Wiersma, Syb van der Ploeg of Anneke Douma.
It is foar de twadde kear dat Omrop Fryslân in posteraksje docht en ek ferline jier kamen der in soad reaksjes. Minsken fûnen it hiel bysûnder dat ien fan de Fryske artysten by har thús kaam te sjongen. De spesjale poster stie tiisdei yn de Weekkrant Fryslân.

Neffens Wim Brons, dy't kommende moandei as earste 'Poster Coaster' op paad sil, kinne der noch folle mear reaksjes by. "Wy besykje by safolle mooglik minsken del te gean, dat is foar de artysten ek it leukst fansels"

Wa't de poster ophinget, kin him mei adres en telefoannûmer oanmelde op it e-mailadres poster@omropfryslan.nl. Wa't gjin weekkrant krigen hat kin de poster ek downloade op omropfryslan.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)