Nij grienbelied foarT'diel

18 okt 2012 - 21:31
  • Grienûnderhâld

De gemeente Tytsjerksteradiel fernijt har mear as 15 jier âlde grienbelied. Dat is tongersdeitejûn besletten troch de gemeenteried. Ien fan de maatregels is it plantsjen fan fruitbeammen yn wenwiken. De gemeente wol de ynwenners mear by it grien belûke. Se meie de fruchten wol plukke, mar dan moatte se ek in part fan it ûnderhâld dwaan.

Ek wurdt guon grien simpeler oanlein mei it each op de besunigings. Fierder wol de gemeente ûnder oare mear blommen plantsje en beammesyktes oanpakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)