'Wurkleazen troch studinten'

18 okt 2012 - 21:01

Studinten binne der mei de oarsaak fan dat minsken mei in lege oplieding yn Ljouwert mar dreech oan in baan komme kinne. Dat seit wethâlder Andries Eckhart fan de gemeente Ljouwert.

Yn de stêd Ljouwert wenje hast 19.000 studinten en in grut part dêrfan hat n baantsje. Bygelyks yn de supermerk of as húshâldlike help. Neffens Eckhart sitte dêrtroch in soad minsken mei in lege oplieding no wurkleas thús. Ekhart pleitet foar ôfspraken mei it bedriuwslibben oer it wurk yn dit soart banen, sadat ek oaren as studinten en skoalbern wer kâns meitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)