80 blazende bern op De Sweach

18 okt 2012 - 18:37

Tachtich bern út Beetstersweach, Nij Beets en Jonkerslân hawwe meidien oan it projekt Promoasje Blaasmuzyk fan muzykkorps Euterpe en muzykskoalle Ars Musica. It projekt waard tongersdei ôfsletten mei in spesjaal konsert yn doarpshûs De Buorskip, dêr't de bern ek sels oan meidwaan koene.

De bern hawwe allegearre op skoalle trije lessen hân op in blaasynstrumint. As se dat moai fine, kinne se fierder mei muzykles op ynstruminten fan it muzykkorps. Nei de hjerstfakânsje giet it projekt fierder op De Gordyk.

Ek oare doarpen en muzykkorpsen hawwe belangstelling foar it projekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)