Nij MFS Westergeast

18 okt 2012 - 18:22

Yn Westergeast is tongersdei it nije multyfunksjonele sintrum offisjeel iepene troch boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân. Hy die dat troch as earste it beweechbere poadium yn gong te setten yn de grutte seal fan it sintrum. Ek de namme is bekendmakke. Nei in priisfraach is keazen foar 'De Tredder', omdat der trije haadgebrûkers fan it nije gebou oan de Eelke Meinertswei binne. It giet om de kristlike skoalle, it doarpshûs en de tennisklup.

De tariedings en de bou hawwe mei-inoar 6 jier duorre.

Benammen oer it plak fan it nije gebou wie in soad diskusje en der wie bemiddeling fan it doarp nedich om de grûneigener mei te krijgen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)