Fabryk krijt molke Noorderland
De A-ware Food Group sil gearwurkje mei de koöperaasje NoorderlandMelk. Sa komt de A-ware Food Group foar in grut part oan de molke dy't nedich is foar it nije tsiisfabryk op It Hearrenfean. Ek sil it suvelbedriuw noch oare kontrakten ôfslute om oan molke te komme. It tsiisfabryk wurdt takom jier boud en moat ein 2014 klear wêze.