Buert makket eigen parkearplak

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Wâldsein ha mei elkoar in parkearterrein oanlein by har yn de buert. Yn seis wike tiid ha minsken út de Kleasterstrjitte, de Professor Brandsmastrjitte en de Paterstrjitte in braaklizzend stik grûn feroare yn in parkearplak mei romte foar 17 auto's. De buertbewenners ha sels it inisjatyf naam. Se hiene har nocht fan it suterige gebiet en hiene ek ferlet fan mear parkearromte. Se ha de kavel ta har beskikking krigen fan wenningkorporaasje Elkien. Fierder krige it projekt ek de stipe fan de gemeente Súdwest Fryslân en in oannimmer.
It parkearterrein wurdt freedtemiddei feestlik iepene.