Famke(15) út Aldeboarn fermist

18 okt 2012 - 13:59

In 15-jierrich famke út Aldeboarn wurdt sûnt moandei fermist. Se is doe fan hûs fuortrûn. De plysje is der wis fan dat se noch yn libben is en dat der gjin sprake is fan in misdriuw. De plysje siket har wol. De fermissing libbet bot op de social media. In berjocht fan har mem op Facebook is al tûzenen kearen troch oare minsken trochjûn oan harren eigen kontakten.

Trefwurden: 
plysje fermissing
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)