Cambuur yn selde opstelling

Cambuur spilet freed de útwedstriid tsjin FC Den Bosch yn deselde opstelling as fjirtjin dagen lyn tsjin FC Dordrecht. Trainer Alfons Arts sjocht gjin oanlieding om wizigings oan te bringen yn it basisalvetal. Marco van der Heide is net ynsetber. Hy hat in harsenskodding. Martijn van der Laan en Yuri Rose traine wol wer mei de seleksje, mar kinne noch net spylje. Tredde keeper Rodny Ubbergen is ek net beskikber. Hy hat noch altyd lêst fan in ankelblessuere.
Opstelling Cambuur: Telgenkamp, Droste, Bakens, Dijkstra, Vosselman, Keurntjes, Bakker, El Makrini, Schokker, Hemmen, De Leeuw.